Kollum: "Tajaan"

"Nea tajaan oan terrorisme, dat is it ferset fan hjoed-de-dei. Dat in groep minsken op 'e wrâld der waanideeën op neihâldt, en mient dat de rest har dêr mar nei skikke moat, hat in minne oan ús.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Stânfêstich binne we, as it giet om âld-kommunisten, om nije geloksikers en fansels fûnemintalistyske moslims. De Westerske, selsmakke frijheden jouwe we net op, we soene wol gek wêze!
Nea tajaan. De driging is substansjeel, seit de Nasjonale Dinges Terrorismebestriding, en de driging is dat al jierren. En dat went dochs in bytsje. Mar we jouwe net ta, gjin sintimeter. We litte ús net sjantearje troch in minderheid dy't ús maatskippij skea tabringe wolle. Dapper hâlde we de Nederlânske flagge, of de Fryske, heech. Al moatte we der in sneldyk foar blokkearje, we ferdigenje ús eigen kultuer, en de minsken dy't dat dogge wurde oant helden doopt. Leaver dea as slaaf. Ja, it patriottisme wie der altyd al, en betûfte marionettespilers witte hiel goed op hokker knopkes oft se drukke moatte om minsken ta triennen en sels houliksoansiken te bewegen.
En de polityk lústeret. No better as ea, want nimmen wol assosjearre wurde mei 'paars', mei de kompromiskultuer fan 'e jierren njoggentich, mei it 'wegkijken', nee, stânfêstich beneame, dat is de noarm. En as it folk wat te sizzen hat, dan lústerje ús lieders mei ûntsach. En de marrionettespillers sjogge harren kâns. Yn 'e Volkskrant waard dizze wike flymskerp analysearre wêr't dy VVD tsjintwurdich mei oan 'e gong is.
Moast ús premier oant in pear jier lyn noch net safolle ha fan de 'stukken rood vlees' dy't de populisten de arena yn smieten, no is it by de VVD 'direct knallen'. Dus sa hearre wy fan harren no wurden as 'klimaatdrammers', 'sausje van vrouwenrechten' en 'witte wijn sippende elite in Amsterdam'. Alles neffens it boekje fan marionette-ynstrukteur Erik Saelens, in reklameman dy't yn Flaanderen de N-VA foarút holpen hat.
Earne nimt dizze redenaasje dus in nuvere en twiveleftige bocht. Earne ferlieze we wat. Hoe't dat lústerjen nei it folk en sokke stikken read fleis in hiel lân yn in folsleine krisis stoarte kinne, sjogge we no by ús buorlju oan 'e oare kant fan 'e Noardsee. Njoggenhûndertachtentritich dagen lyn waard der yn it Verenigd Koninkrijk in referindum hâlden mei de fraach oft se yn 'e Europeeske Uny bliuwe moasten of net. Dy útslach - en it is wolris goed om dat der wer ris by te heljen, no't dat lân yn in komplete gaos ferkeart - wie in nipte oerwinning foar 'leave'. 51,9 prosint stimde tsjin de EU, 48,1 prosint foar, mei in opkomst fan krekt wat mear as santich prosint. Goed om te witten as je ien hearre oer dat 'lústerje nei it folk'. Moatst thús ris probearje, om de helte fan dyn húshâlding te negearjen.
De kampanje waard kaapt, mei as grutste oplichter Nigel Farage - dy't de polityk ek subyt ferliet nei de bekendmakking fan 'e útslach. Yntusken is der gjin twivel mear oer hoe't it folk dêr besoademitere is, mei falske beloften, oer ûnmooglike selsstannichheid en Russyske ynminging. De kompleksiteit fan grinzen, hannel en ekonomy kinst net fetsje yn in 'leave' of 'remain', en der wurde tsjustere spultsjes spile mei de banen fan datselde folk.
Dan wie de dizze wike fuortstimde Brexit-deal it lêste mooglike kompromis, dat it VK behoedzje koe foar de grutste ramp. As se it trochsette. Mar dat sil en dat moat, want se jouwe nea ta, of sa fan my meie se der út, hear. Mar it punt is dat der gewoan gjin inkeld argumint mear foar is. De EU djoer? It VK wie ien fan 'e belangrykste leden fan de EU, dus as der ien wie dy't dêr wat oan dwaan kinnen hie, dan wiene sy it wol. Se binne stânfêstich en mei iepen eagen trape yn 'e falkûle fan de marionettespilers.
Hjir binne allinnich mar ferliezers. It begruttet my foar de Ingelsken, mar dit Shakespeariaanske teäter hat der al foar soarge dat je yn Nederlân no hast net ien mear hearre oer in Nexit. We soene wol gek wêze."