Ljouwerters oanhâlden foar drugshannel

17 jan 2019 - 06:20

De plysje hat twa Ljouwerters oanhâlden as fertochten fan drugshannel. In 26-jierrige Ljouwerter waard earder dizze wike yn syn auto oanhâlden yn Kollumersweach.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

De plysje gie dêrnei nei syn hûs oan de Noteboomstrjitte. In 28-jierrige Ljouwerter dy't yn it hûs wie, waard ek oanhâlden.

Yn de wenning fûn de plysje pûdsjes mei brún en wyt poeier, in skeal en hast 3.000 euro. It guod is yn beslach naam. De plysje stelde it ûndersyk yn nei klachten út de buert oer drugshannel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)