Ljouwerter wethâlder oerlibbet soarchdebat, mar fertrouwen is fier te sykjen

17 jan 2019 - 00:07

De Ljouwerter wethâlder Herwil van Gelder hie it woansdeitejûn dreech yn de gemeenteried. Hast alle partijen hiene swiere krityk op it funksjonearjen fan de wethâlder. Him wurdt ferwiten net te lústerjen nei winsken fan de gemeenteried en advizen fan soarchoanbieders. De ried wol dat hy syn eigen soarchplan oer board smyt en mei de soarchoanbieders yn Ljouwert om tafel giet om in nij plan te meitsjen.

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

Van Gelder moast him yn in ekstra riedsgearkomste ferantwurdzje oer de brief dy't hy ferline wike stjoerde, oer de oanpassingen fan syn plannen. It debat wie oanfrege troch fraksjefoarsitter Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen. Jacobse wie hurd yn syn oardiel oer de wethâlder. It fertrouwen is foar in grut part fuort en moat opnij opboud wurde. Jacobse wol dan ek in oare hâlding sjen fan Van Gelder. "Op deze manier kunnen we niet verder met deze wethouder. We willen echt een ander optreden zien."

Hâlding fan wethâlder

Jacobse doelt op de hâlding fan Van Gelder by it debat foar de krystdagen. Doe joech de wethâlder somtiden gjin antwurd op fragen fan riedsleden en like it dat de wethâlder alle krityk negearre. "Dat heeft geleid tot veel ergernis", sa sei Jacobse.

Lutz Jacobi, fraksjefoarsitter fan de PvdA, is it dêr mei iens. Se sjocht dat it fertrouwen fuort is yn de wethâlder mar wol him wol de kâns jaan it werom te winnen. Jacobi wol dat der 'strakke sturing' komt op it meitsjen fan in goed plan. Se wol dat Van Gelder dêrby help siket fan in eksterne 'kwartiermaker'. "Iemand die naast de wethouder zit en zorgt voor een strakke sturing", sa fynt Jacobi.

Plan fan tafel

Lykas oare fraksjes wol de VVD dat it âlde plan fan wethâlder Herwil van Gelder sa gau as mooglik fan tafel giet. Marcel Visser hat grutte twivels oft Van Gelder wol de goede man op it goed plak is. "Hij heeft drie-en-een-halve week verstoppertje gespeeld. Hij communiceert niet." Carlijn Niesink fan de ChristenUnie stelt dat se in swiere kater oerhâlden hat oan it eardere debat oer de soarch. "Dat was wat vreemd, want ik drink geen alcohol." Neffens Niesink spilen de riedsleden in stik fan Avicii, mar gie Van Gelder troch mei it spyljen fan Mozart.

Wethâlder djip troch it stof

De wethâlder gie djip troch it stof. Hy fynt it bûtengewoan spitich dat hy de yndruk jûn hat de riedsleden net serieus te nimmen: "Uit de brief met de aanpassing van de plannen blijkt dat ik dat juist wel doe." Neffens Van Gelder hiene de riedsgearkomsten ein ferline jier no krekt as doel om ynformaasje te garjen om goede ideeën op te dwaan foar de takomst fan de soarch.

Op fragen fan de ried oer wat hy no docht mei syn plan foar ien grutte soarchalliânsje, antwurdet de wethâlder dat dat fan tafel is. "Ik zet vol in op de plannen die we maken samen met de zorgaanbieders. Toch zitten er elementen in het oude waar de zorgaanbieders ook naar vragen. Ik hou niet vast aan een zorgplan waar het woord alliantie in staat."

Soarch oer de finânsjes

Tal fan fraksjes wolle dúdlikheid ha oer wat de finansjele konsekwinsjes binne fan in nij útstel. De ried hat al oanjûn dat se, as it nedich is, ekstra jild beskikber stelle wolle. Mei de ried is ôfpraat dat takom jier 3,6 miljoen euro besunige wurde moat op de soarch yn Ljouwert. De soarchoanbieders hawwe al oanjûn dat se tinke dy doelstelling heljen te kinnen. Yn maaie moat der dúdlikheid wêze oer it nije soarchplan foar Ljouwert. Dan is ek dúdlik wat de mearkosten binne.

Moasje fan wantrouwen

De opposysjepartijen woene noch mei in moasje fan wantrouwen komme. Om't dy net de stipe krije soe fan oare partijen binnen de koälysje is dy net yntsjinne. Dochs wolle de opposysjepartijen dêrmei oanjaan dat der gau wat feroarje moat yn it optreden fan de wethâlder. Alle opposysjepartijen hâlde in min gefoel oer oan it debat.

"Vertrouwen komt te voet en gaat te paard", sei PvdA-fraksjefoarsitter Lutz Jacobi. De PvdA is de grutste partij binnen de koälysje. De ekskuzen en tasizzingen fan de wethâlder binne foarearst genôch foar Jacobi. Hy kriget fan har de kâns dy tasizzingen út te fieren. Betinkst is al dat de ried elke twa wiken ynformearre wurdt oer hoe't de petearen rinne mei de soarchoanbieders. De oare koälysjepartijen slute har dêrby oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)