FIDEO: Bylden fan trein dy't frachtwein ramde yn Ljouwert

16 jan 2019 - 22:18

It ûngelok mei de trein fan Arriva, dy't freedtejûn in frachtwein oanried yn Ljouwert, is fêstlein troch in kamera. Bylden fan it ûngelok binne op ynternet te sjen. Ut de ûndersteande fideo docht bliken dat de frachtwein stil stie op it spoar doe't de trein der tsjinoan ried. De oanriding barde yn 'e omjouwing fan de befeilige spoaroergong op de Pieter Stuyvesantwei, by it terrein fan FrieslandCampina.

Bylden fan trein dy't frachtwein ramt yn Ljouwert

By it ûngelok rekken fjouwer treinpassazjiers licht ferwûne. Ek de treinmasinist en de frachtweinsjauffeur wiene ferwûne, mar sy hoegden net nei it sikehûs. Yn de tank fan de frachtwein sieten gjin gefaarlike stoffen, mar molkepoeier.

It treinferkear tusken Ljouwert en Hurdegaryp lei sneon noch in skoft stil, om't reparaasje fan it spoar dreech wie.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok trein botsing
(Advertinsje)
(Advertinsje)