Basketballers Aris ûnderút tsjin koprinner Leiden

De basketballers fan Aris hawwe woansdeitejûn yn Leiden ferlern fan de koprinner. De ploech fan coach Tony Van Den Bosch moast úteinlik mei in einstân fan 96-75 belies jaan.
© Aris Ljouwert
De Ljouwerters begûnen goed oan it duel en kamen ta in foarsprong fan 6-9. Dêrnei liet Leiden sjen wêrom't de ploech koprinner is yn de basketbalkompetysje. Nei it earste kwart stie der in tuskenstân fan 31-18 op it skoareboerd. By it skoft like Aris werom te kommen, mar it ferskil bleau noch altyd rom tsien punten.
Nei rêst rûn Leiden fierder út nei 70-52. Ek yn it lêste part fan de wedstriid slagge Aris der net yn om tichter by Leiden te kommen. De thúsploech wûn dêrom úteinlik mei 96-75.
Takom snein spilet Aris in thúswedstriid tsjin Donar út Grins.