Green Deal moat natuerynklusive lânbou yn ûnderwiis stimulearje

Natuerynklusive lânbou moat in fêst plak krije yn it ûnderwiis en de oplieding fan jonge minsken yn de agraryske sektor. Om dat te berikken, tekenen minister Carola Schouten en deputearre Johannes Kramer woansdei de saneamde 'Green Deal'. Dy moat derfoar soargje dat de efterútgong fan de biodiversiteit keard wurde kin en dat de duorsume lânbou stimulearre wurdt.
© Omrop Fryslân
Neffens Johannes Kramer is it wichtich dat yn it ûnderwiis omtinken jûn wurdt oan dy duorsume lânbou. "It soarget foar in sûne lânbousektor, werstel fan biodiversiteit en in leefber plattelân."

Transysje

Ek minister Schouten is oertsjûge fan it belang fan it al by de oplieding meijaan fan dizze kennis. "Om de beweging naar andere vormen van landbouw te realiseren is niet alleen een transitie in de landbouwsector zelf nodig, maar ook een transitie in het groene onderwijs en de manier waarop we de ondernemers en boeren van de toekomst opleiden."
Fan takom jier ôf wurkje dosinten en ûndersikers út alle ûnderwiisnivo's gear om de kennis en it ûnderwiis te ûntwikkeljen.