FIDEO: Kok Willem Schaafsma: "We smite te folle goed iten fuort"

16 jan 2019 - 18:24

Wy smite mei ús allen fierstentefolle iten fuort en dat is skande! Dat fynt Willem Schaafsma. De Ljouwerter topkok is eigener fan trije restaurants yn de haadstêd. Fan heech kulinêr oant in ytkafee. Fan alles wat hy ynkeapet, besjocht Schaafsma goed foar hokker restaurant hy it brûke kin. Sa slagget it him om fan bygelyks in geitebok sa'n bytsje alles te brûken. It fleis wurdt dan ferdield oer de trije restaurants.

(advertinsje)