Foarearst gjin twongen ûntslaggen op it Dockinga College

16 jan 2019 - 17:52

Der falle foarearst gjin twongen ûntslaggen op it Dockinga College. Dat hawwe it Algemiene Underwiisbûn en de meisizzenskipsried fan de skoallemienskip woansdei befêstige.

Foto: Omrop Fryslân

Yn novimber foarich jier kundige de skoalle noch oan dat ûngefear tsien meiwurkers begjin dit jier harren baan kwytreitsje soene. Twongen ûntslaggen op it Dockinga binne no lykwols yn elk gefal oant 1 augustus dit jier fan tafel. De skoalle sil no ynsette op it stimulearjen fan it frijwillich opstappen fan personiel. Dêrfoar wurdt in mobiliteitsplan foarlein.

Oanlieding fan de personielsproblematyk op it Dockinga College is it grutte ferlies dat de skoallemienskip begrutte hat. Grutste oarsaak fan it tekoart fan it Dockinga is neffens de skoalle de oanhâldende krimp yn 'e regio. Der komme hieltyd minder learlingen op it Dockinga College en dêrtroch rinne ek de ynkomsten werom.

Bûnen: tekoart minder grut

Woansdei hat de skoallieding mei de ûnderwiisbûnen om tafel sitten. Der hat konstruktyf oerlis west tusken de partijen, mar ienriedichheid is noch net berikt. "We zijn het nog niet eens over de precieze omvang van het probleem", seit Marja de Bree fan it Algemiene Underwiisbûn. Neffens de bûnen is it tekoart fan it Dockinga College minder grut as de skoallieding seit.

Foar it personiel fan de skoalle is de rêst op koarte termyn yn elk gefal werom. De meisizzenskipsried fan de skoalle is der wiis mei dat twongen útslaggen foarearst net trochfierd wurde sille, mar is noch net gerêst oer de takomst. Tongersdei sil it ûnderwiisbûn noch yn petear mei meiwurkers fan it Dockinga College om it oer de problemen te hawwen.

(advertinsje)
(advertinsje)