In hofke foar âlderen yn Berltsum: goed idee of net?

16 jan 2019 - 17:23

Yn Berltsum is in ûndersyk úteinset nei it draachflak foar it bouwen fan in moderne fariant fan in hofke foar âlderen. Yn it hofke soene âlderen byinoar wenje moatte, dy't no noch in in grutte gesinswente hawwe.

Foto: Omrop Fryslân

Sa soene sy besparje kinne op enerzjy en gebrûk meitsje kinne fan in oantal mienskiplike foarsjenningen. De wurkgroep 'Lyts Hofke' dy't mei it hofke dwaande is, wol no graach witte hoefolle âlderen belangstelling hawwe foar dizze foarm fan wenjen. Dêrom is der in fragelist opsteld, dy't de Berltsumers ynfolje kinne. Oant no ta hawwe 35 minsken oanjûn wol wat te fielen foar it wenjen yn in hofke.

(advertinsje)