Steateleden ree om beslút oer bydrage nij Cambuurstadion foar ferkiezingen te nimmen

16 jan 2019 - 17:17

It is noch mar de fraach oft de Fryske Steaten foar de ferkiezingen op 20 maart in beslút nimme sille oer de bydrage foar it nije Cambuurstadion. As yn febrewaris gjin beslút falt, kin it moannen duorje foardat it wer op de aginda komt. Dat is in sitewaasje dêr't de gemeente Ljouwert net op sit te wachtsjen. De gemeente wol sa gau as mooglik dúdlikens.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

De gemeente Ljouwert hat de provinsje frege om in bydrage foar de ûntwikkeling fan it gebiet. It giet om in bedrach fan in lytse fiif miljoen euro. Kommende tiisdei nimt it kolleezje fan Deputearre Steaten in beslút dêroer. Dêrnei moatte Provinsjale Steaten it definitive oardiel jaan. It is no noch net dúdlik wannear't dat op de aginda komme sil.

Sa moat it nije stadion derút sjen - Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

CDA

It CDA, de grutste partij yn de Steaten, fynt dat it foar de ferkiezingen noch mooglik wêze moat. Fraksjefoarsitter Johan Tjalsma: "As de stikken goed binne en dúdlik dan is it seker mooglik. Dan moat it slagje om foar it reses yn maart (yfm de steateferkiezings fan 20 maart, red.) in beslút te nimmen. Mar dan moat alles al klopje."

ChristenUnie

Wiebo de Vries fan de ChristenUnie slút him dêrby oan: "It is ôfwachtsjen hoe't it beslút krekt is fan Deputearre Steaten. Ik wol net ûnder druk in beslút nimme. Ik wol bêst fleksibel wêze om yn febrewaris in beslút te nimmen mar der moat al wat fatsoenliks lizze."

VVD

De VVD hat der mear muoite mei. Fraksjefoarsitter Avine Fokkens liet earder al witte dat se net samar in beslút nimme wol oer de bydrage. Fokkens: "Wij vinden dat de partijen niet in de onzekerheid moeten worden gelaten. Cambuur moet niet de dupe worden van geklungel van gemeente Leeuwarden."

PvdA

Neffens fraksjefoarsitter Remco van Maurik fan de PvdA is útstel perfoarst net nedich: "Als Gedeputeerde Staten volgende week een besluit nemen dan kunnen wij dat als Staten ook doen. Het lijkt mij geen moeilijk besluit." Van Maurik wol it dan ek yn febrewaris op de aginda ha: "Of anders in maart. Je hoeft op dit dossier niemand meer in onzekerheid te houden." Van Maurik wiist ek op it stedskonvenant dat ôfsletten is mei Ljouwert: "Daarin staat de ontwikkeling van het WTC-gebied gewoon genoemd. Alleen is daar geen bedrag bij afgesproken."

Gefolgen foar de bou?

Mocht de provinsje foar de ferkiezingen noch gjin beslút nimme dan hat it net fuortendaliks gefolgen foar de bou fan it nije stadion. Dêr is rekken mei hâlden.

Takom wike prate de Steateleden op 'e nij oer de aginda fan Provinsjale Steaten. Dan wurdt dúdlik oft der foar de ferkiezingen in beslút falt oer de bydrage foar de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet.

(advertinsje)
(advertinsje)