Hûndertste promoasje by Wetsus yn Ljouwert

By wettertechnology-ynstitút Wetsus yn Ljouwert binne yn goed 15 jier hûndert ûndersikers promovearre. De hûndertste promoasje wie woansdei fan Gerwin Steen fan de Universiteit Twente. Syn ûndersyk giet oer it mjitten fan sâlt yn it wetter troch ljocht.
Wetsus yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De earste promoasje wie yn 2005. Yn de ôfrûne perioade ha ûndersikers fan 23 universiteiten lykas Wageningen Universiteit, de Technische Universiteiten fan Delft en Eindhoven en de Ryksuniversiteit fan Grins harren promoasje-ûndersyk dien by Wetsus.
Direkteur Johannes Boonstra fan Wetsus is optein oer de hûndertste promoasje. Wetsus is in begryp yn de wittenskiplike wrâld. Yn de hiele wrâld witte de minsken dat Ljouwert it sintrum is fan wettertechnology.
De ûndersiken leverje de Fryske ekonomy úteinlik ekstra banen op. Boonstra hopet en tinkt dat it tal promoasjes de kommende jierren trochsette sil. Hy ferwachtet oer in pear jier al de 150ste promoasje.
Direkteur Johannes Boonstra
Boargemaster Ferd Crone