Crone slút growshop oan it Zuidvliet yn Ljouwert

16 jan 2019 - 16:45

In growshop oan it Zuidvliet yn Ljouwert is sletten troch boargemaster Ferd Crone. Neffens de boargemaster is fêststeld dat der yn de growshop guod ferkocht is foar de profesjonele himpteelt en dat is strafber.

Foto: Public Domain Pictures

De boargemaster hat it foech om in winkel te sluten, as de iepenbiere oarder en de feilichheid yn gefaar binne. De gemeente hat de sluting woansdei bekend makke, dy is tiisdei al yngongen. De sluting jildt foar in perioade fan seis moanne.

It is de twadde sluting fan de boargemaster yn it nije jier. Op 3 jannewaris waarden troch Crone twa wenningen sletten, oan de Antillenweg en de Roptastate. Dêr wie kokaïne fûn en der waard in himpkwekerij oantroffen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)