FIDEO: Ferbouwing by Ljouwerter finzenis

16 jan 2019 - 16:44

De grutte ynterne ferhuzing yn de Ljouwerter finzenis is ferline wike begûn. Foar de ferbouwing moatte finzenen fan de iene nei de oare ôfdieling.

De finzenis bliuwt yn bedriuw. Om alle 250 finzenen in plakje te jaan, moatte hast 140 fan harren in sel diele. Der is ekstra befeiliging om't de kâns op ynsidinten yn in twapersoanssel grutter is. Finzenen dy't frijwillich op ien sel wolle, wurde beleanne., Sy hoege foar de hier fan de telefyzje neat te beteljen.

Trefwurden: 
Ljouwert finzenis ferbouwing
(advertinsje)
(advertinsje)