TBS-advys foar fertochte fan brânstichting yn Drents-Friese Wold

16 jan 2019 - 16:12

Saakkundigen advisearje in TBS-behanneling foar de 27-jierrige man út Appelskea, dy't fertocht wurdt fan it feroarsaakjen fan twa brannen yn it Drents-Friese Wold op 24 july ferline jier. Dat die woansdei bliken, by de pro forma-behanneling fan de saak.

Natuerbrân - Foto: Omrop Fryslân

De fertochte wie sels net by de pro forma-sitting oanwêzich, hy is begjin dizze moanne operearre en noch net foldwaande genêzen. De brannen binne nei alle gedachten ûntstien, omdat de man in sigarettepeuk fuortsmiten hat. De brânwacht hie it fjoer frij gau ûnder kontrôle. By de iene brân brânde sa'n 15 kante meter natuergebiet ôf, by de oare brân gongen in pear beammen en strûken ferlern.

De man is yntusken ûndersocht troch in psycholooch en in psychiater. De fertochte soe lêst hawwe fan in posttraumatyske stressstoarnis. Neffens syn advokaat is hy ree om mei te wurkjen oan in behanneling. De ynhâldlike behanneling fan de saak stiet pland op 28 febrewaris.

(advertinsje)
(advertinsje)