Falske start fan tennisjier foar Sander Arends

It nije tennisjier is net goed begûn foar tennisser Sander Arends. Yn it Dútske Koblenz wûn it duo Melzer/Polasek mei 6-3 6-4 fan Arends en syn maat Tristan-Samuel Weissborn.
© www.orange-pictures.nl
Wylst de ynternasjonale top dizze wike op it ferneamde Australian Open spilet, begûn it jier foar Sander Arends dizze wike yn it Dútske Koblenz. Troch in blessuere oan de ein fan foarich jier stiet de Ljouwerter net heech genôch op de wrâldranglist om mei te dwaan oan it toernoai yn Australië. Dêrom spile hy de challenger fan Koblenz, in toernoai op it twadde ynternasjonale nivo.

Net goed genôch

Arends spile yn Dútslân mei syn nije maat, de Eastenriker Tristan-Samuel Weissborn. Yn de earste set wie it ferskil net grut. Der wie foar beide koppels ien breakpoint. Melzer en Polasek pakten dat wol, Arends en Weissborn net.
Yn de twadde set koene Arends en Weissborn wol in break meitsje, mar Melzer en Polasek dienen dat twa kear. Dy efterstân wie net mear goed te meitsjen.
Takom wike sil Arends, mei Weissborn, it challengertoernoai fan Rennes, yn Frankryk, spylje.