Ljouwerter F-16's fleane tenei foar it part op biobrânstof
De F-16's fan de keninklike loftmacht op de Ljouwerter fleanbasis fleane fan dizze wike ôf foar in part op duorsume biobrânstof. De biokerosine komt út de Feriene Steaten en wurdt makke fan brûkt frituerfet. De brânstof wurdt mikst mei de standertbrânstof fan de strieljagers. De F-16 fleane dan mei fiif persint biobrânstof op in folsleine tank.
Al yn 2010 hat de keninklike loftmacht testen útfierd mei biobrânstof. Dy wie neffens de loftmacht doe noch te djoer om der op grutte skaal mei te fleanen. No't de prizen foar de biobrânstof sakke binne, is lêsten op de fleanbasis yn Ljouwert 400.000 liter brânstof ôflevere. Dit is neffens de loftmacht genôch foar it earste part fan dit jier.
Minder ôfhinklik fan fossile brânstof
It liter biobrânstof soarget neffens de loftmacht foar in CO2-reduksje fan sechstich oant tachtich persint. It mingpersintaazje moat stadichoan ferhege wurde. Yn 2030 wol de loftmacht foar tweintich persint minder ôfhinklik wêze fan fossile brânstoffen.
De F-16's dy't foar it part op biobrânstof fleane, binne neffens de loftmacht de earste serieuze stap rjochting it ferduorsumjen fan de militêre loftfeart yn Nederlân.