Nijste oanwinst yn GTST komt út Fryslân: wa is Bertrie Wierenga?

16 jan 2019 - 15:46

Yn de populêre soapsearje Goede Tijden Slechte Tijden sit sûnt koart in Fryske aktrise: Bertrie Wierenga. Se spilet de rol fan Shanti en is dêrmei neist Ferry Doedens fan Drachten (Lucas) de twadde Fryske ynbring yn GTST. Mei har seksy uterlik soarget se fuort al foar in protte reuring yn Meerdijk.

Foto: RTL

Bertrie is gjin ûnbekende fan Omrop Fryslân. Yn 2013 hie se har oandiel yn de Omrop Fryslân simmerhit, De Simmerswing. Yn de klip binne neist har ek Denise Rivera, Silke van der Land en John de Vries te sjen.

Bertrie Wierenga (1989) komt út Ljouwert en groeide op yn Hurdegaryp. Se is aktrise, sjongeres en model. Al op 10-jierrige leeftiid stie se op de planken yn de musical Oliver Twist. Se spile earder rollen yn searjes as Moordvrouw, B.A.B.S. en Celblok H. en yn de films fan De Kameleon.

"Ik ben heel blij mee met de rol", seit se oer har rol yn GTST. Al sûnt oktober is se oan it draaien, mar har personaazje is krekt in wike op telefyzje te sjen. "Het moet even wennen dat ik nu op televisie ben, maar omdat ik al een poos met de opnames bezig ben, zit ik er helemaal in. Het is fantastisch, maar in de opname zitten is heel anders dan op televisie."

Oer har karakter Shanti seit se: "Het is een lieve, empatische vrouw met een pittig randje en ze leeft natuurlijk met een geheim. Ze lijkt op me, ik ben ook wel lief, maar ze kan rauwer en heftig uitpakken dan ik zelf zou doen."

Warm bad

"Het is heel leuk op de set. Ferry stuurde me meteen een berichtje dat er nog een Fries bij is. Het is echt een feestje. We hebben maar kort de tijd om een scène op te nemen. Daar heb ik wel aan moeten wennen. Het is ook vrij technisch, je moet natuurlijk je tekst kennen en je inleven in de rol en de scène waarin je zit. Je moet snel schakelen. Dat begin ik nu onder de knie te krijgen. Iedereen is heel lief en alles wordt uitgelegd. Het is echt een warm bad waarin ik terecht ben gekomen."

Bertrie Wierenga

(Advertinsje)
(Advertinsje)