Resultaten poepûndersyk: "Guon neame it it brune goud"

16 jan 2019 - 14:37

Fia minsklike trochgong en wettersuvering geane in soad mineralen ferlern. Dat is spitich en seker net duorsum. Dat moat oars, fynt Theo Mulder fan Tour de Poep. Yn de Wike fan de Sirkulêre Ekonomy presintearret er tegearre mei ûndersiker Theun Vellinga de resultaten fan it projekt.

Theo Mulder en Theun Vellinga

Yn 2018 analysearre Mulder poep en pis fan bekende Friezen. Under oaren foarsitter fan de Noardlike Fryske Wâlden Albert van der Ploeg, VVD-Steatelid Nynke Koopmans, foarsitter fan de Feriening Biologyske Boeren Fryslân Foppe Nijboer en direkteur fan Wetsus Cees Buisman wurken mei.

Mulder die dit, omdat er tinkt dat minsklike ûntlêsting foar it lân better is as keunstdong. Om dêr mear omtinken foar te krijen, hat er pommeranten frege oan syn ûndersyk mei te wurkjen.

Wat wiene nijsgjirrige saken dit nei foaren kamen? "By Albert van der Ploeg bygelyks", seit Mulder. "Hy is hobbyboer en moat sneons in protte wurk dwaan. Jûns hat er dan in soad honger. Dus hy hie in grouwe panne waarm iten hân en dat is der snein wer útkaam. Dat hat er weage en dat wie 3,1 kilo."

Santich miljoen kilo fosfaat

Vellinga hat de ûntlêsting ûndersocht by wetterkampus Wetsus. Dêr is bygelyks sjoen hokker stoffen oft yn de poep sitte. "Der sitte in protte mineralen yn dy't we allegear nedich ha om in komplete meststof te hawwen", seit Vellinga. "Wannear't we nei fosfaat sjogge, sit der santich miljoen kilo yn wat we mei syn allen nei it húske bringe. De helte fan wat we nedich ha op lânbougrûn. Dêr moatte wy yn Nederlân goed oer neitinke wat we dêr mei wolle."

Vellinga is fan miening dat poep gjin ôffal is, mar just ynset wurde moat. "Guon neame it it brune goud, mar dat giet my earlik sein wat te fier."

(advertinsje)
(advertinsje)