Lêste wurk oan renovaasje fan de Lemster slûs

16 jan 2019 - 14:32

Op De Lemmer is woansdeitemoarn betiid úteinset mei it werompleatsen fan de lêste twa slûsdoarren fan de Lemster Slûs. It is it slotstik fan in renovaasje dy't mei-elkoar goed njoggen moannen duorre hat.

Lêste wurk oan renovaasje fan de Lemster slûs

It wurk oan de monumintale doarren foel bot ôf en hat dêrtroch folle langer duorre as de bedoeling wie en ek hat it mear jild koste.

De doarren binne skjinmakke, reparearre, farve en der is in laach sink oerhinne kaam.

It is noch ien dei passe en mjitte mei de doarren, om se goed wetterticht te meitsjen. Foar freed moatte de doarren definityf op har plak sitte.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Wytse Vellinga seach by it wurk oan de slûs

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
De Lemmer renovaasje slûs
(Advertinsje)
(Advertinsje)