Yllegaal fjoerwurk yn fuotbalstadions wurdt tenei hurd oanpakt

16 jan 2019 - 14:13

It moat dien wêze mei al it yllegale fjoerwurk yn de fuotbalstadions yn de earste- en earedifyzje. De fuotbalklups, lykas SC Hearrenfean en SC Cambuur, it fuotbalbûn KNVB, gemeenten, plysje en it ministearje wurkje gear yn de rezjygroep Voetbal en Veiligheid om dit foar mekoar te krijen.

In steward fan SC Cambuur rekket ferwûne - Foto: ANP

Se wolle ûnder oare mei supporters prate oer alternativen, lykas organisearre fjoerwurk dêr't in fergunning foar ôfjûn is. Tagelyk sil der hurder optreden wurde tsjin oertredingen, dy't tenei strafrjochtlik ferfolge wurde.

It giet net allinnich om wedstriden, mar ek om trainingen en eveneminten yn de stadions.

Yn jannewaris 2016 rekke in froulike steward fan SC Cambuur slim ferwûne oan har foet, doe't se in fjoerwurkbom fuortskoppe woe dy't supporters op it fjild smiten hiene.

Ard de Graaf

Sfearferheegjend of gefaarlik?

"Het is al jaren een discussie binnen het voetbal: wat is sfeerverhogend en wat is gevaarlijk", seit Ard de Graaf, algemien direkteur by SC Cambuur. "We hebben getekend omdat we deel uitmaken van het collectief, maar je moet wel in dialoog blijven met de supporters. Als club zijn wij verantwoordelijk voor wat er binnen het stadion gebeurt en we zijn daar ook aansprakelijk voor."

Is der noch wat mooglik?

"Er zijn meerdere manieren om met vuurwerk om te gaan. Te denken valt aan iets georganiseerds met supporters en dat je dat dan begeleidt door een professionele partij. Het mag sfeerverhogend, maar mensen kunnen niet op eigen houtje vanaf de tribune tussen alle mensen in met vuurwerk gooien. Dat kan zomaar in de nek van een supporter komen."

(advertinsje)