Blêdsûgers meitsje seedyk by Lauwerseach skjin fan granulaatkerrels

De diken by Lauwerseach lykje op it each wer skjin, mar se lizze noch fol mei lytse plestik kerrels, granulaatkerrels. Blêdsûgers en feiweinen moatte útkomst biede.
Opromje lâns seedyk
Meiwurkers fan de gemeente en it Wetterskip binne woansdeitemoarn begûn mei it opromjen fan de diken by Lauwerseach. De plestik kerrels dy't dêr tusken it gers ferskûle lizze, binne ôfkomstich fan de konteners dy't begjin dit jier fan it skip MSC Zoe foelen.
Krekt dizze lytse kerrels binne in gefaar foar bisten, dy't tinke dat it om iten giet. De RUG yn Grins hat ûndersyk dien nei it tal fan dizze kerrels op ien kante meter. "Dat is heel veel", seit Annemarie Veenhuis fan gemeente Het Hogeland dêr't Lauwerseach ûnder falt.
© Kappers Media
Mei de blêdsûgers en feiweinen wurdt no besocht om de kerrels sa gau as mooglik fuort te krijen. Teamlieder Harreld van Oosten fan Noorderzijlvest sjocht woansdei as in proefdei. It ynsetten fan in faai- en sûgmasine hat neffens him in goed effekt hân, mar op steile stikken seedyk moatte ek lytsere masines ynsetten wurde. Mei-elkoar 9 kilometer seedyk moat troch Noorderzijlvest oanpakt wurde.
It gers krije se mei dizze masines net skjin. Se binne noch drok dwaande mei in oplossing dêrfoar te betinken.
Harreld van Oosten fan Noorderzijlvest