Grienste camping yn ANWB-ferkiezing is fan Fries om utens yn Sweden

16 jan 2019 - 13:59

Reklames fan allerhanne reizen fleane je om de earen de lêste tiid, want jannewaris is de tiid om de fakânsje te boeken. De ANWB hat alle jierren in ferkiezing fan campings yn Nederlân en oer de grins yn trije kategoryen: 'de fijnste gezinscamping', 'de beste huuraccommodatie' en 'de mooiste groene camping'.

Foto: Camping Hedesunda, Sweden

Winner fan dy lêste kategory is in camping yn Sweden wurden, om krekt te wêzen: de Hedesunda Camping, yn Hedesunda, in ein boppe Stockholm. En lit dy camping no fan in Fries wêze: Meindert Hamstra fan Kollum is dêr de baas.

"Op ferskate ûnderdielen lykas lizzing, de ferhâlding priis en kwaliteit, fasiliteiten, iten, drinken en service krigen we gemiddeld in 9,5. Dêr binne we hiel bliid mei", fertelt Meindert Hamstra.

We binne hjir wol op ús plak

Nei tal fan omswervingen yn Nederlân is er trettjin jier lyn mei syn famylje yn Sweden telâne kommen. "It is net sa dat we it net nei it sin hienen, mar we woenen wat oars, in oare kwaliteit fan libben. We woenen de bern wat mear sjen en wat mear rêst om ús hinne. We binne hjir wol op ús plak."

Yn de rivier

De camping is grien fanwege it plak. Hy leit op in eilantsje yn de rivier Dalälven, te berikken mei in fêste brêge. Mei in roeiboatsje kinne gasten ûnder oare nei in driuwende sauna farre.

Hamstra hat al in soad reaksjes krigen op de priis. "Op ynternet en yn de kranten. Nije wike stiet de aginda folpland mei minsken dy't ús hjir ynterviewe wolle. Dat is hartstikke moai."

Meindert Hamstra

(advertinsje)
(advertinsje)