Selstraf ûnder betingst foar dôfhûdige dief fan lokfyts

16 jan 2019 - 13:12

In 50-jierrige Ljouwerter is feroardiele ta twa wiken selstraf ûnder betingst foar it stellen fan twa lokfytsen. De man helle de fytsen yn augustus en oktober ferline jier fuort by it treinstasjon. De man is in âlde bekende fan de plysje.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Doe't de Ljouwerter noch ferslave wie oan heroïne, stiel hy wol gauris wat. Hy hat in strafblêd fan 40 kantsjes. De man wie fan de drugs ôf en siet yn in metadonprogramma, mar krekt yn de perioade dat hy gjin metadon krige, gie it mis.

De man woe mei it ferkeapjen fan de stellen fytsen oan jild foar drugs komme. Hy is wer opnaam yn it metadonprogramma.

(advertinsje)
(advertinsje)