Wa wint de Underwiispriis Fryslân? Seis skoallen yn de race

16 jan 2019 - 11:44

Seis skoallen binne nominearre foar de Underwiispriis Fryslân. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt en is ynsteld om kreativiteit en ynventyf wêzen yn it ûnderwiis ûnder de oandacht te bringen.

Lesmateriaal - Foto: ANP

By de priis binne der twa kategoryen yn it libben roppen. Yn de kategory basisûnderwiis binne de iepenbiere basisskoallen De Opslach yn Wommels, De Oanset yn Rie en De Mienskip yn Bûtenpost nominearre. By it fuortset ûnderwiis binne CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer, VSO Talryk yn Drachten en it Lauwers College yn Bûtenpost de gadingmakkers.

Deputearre Sietske Poepjes sil de priis op freed 25 jannewaris útrikke. De provinsjale winners dogge automatysk mei oan de Nasjonale Underwiispriis. De finale dêrfan is op woansdei 27 maart.

(advertinsje)
(advertinsje)