Awards foar Into The Great Wide Open en Asteriks op Popgala Noord

16 jan 2019 - 10:55

Poadium Asteriks út Ljouwert en muzykfestival Into The Great Wide Open op Flylân binne tiisdeitejûn yn de prizen fallen op it alderearste Popgala Noord. Asteriks waard yn Grins útroppen ta bêste poppoadium. Into The Great Wide Open krige de bêste festival-award.

Asteriks krige de priis omdat it poadium neffens de sjuery sels de jongere generaasje opsiket. Into The Great Wide Open waard útroppen ta bêste festival fanwegen 'it magyske plak' dêr't it festival holden wurdt.

Popkultuer yn it Noarden

It wie foar it earst dat it Popgala Noord holden waard. It gala fûn plak yn it Grand Theatre yn Grins op de jûn foardat it festival Eurosonic Noorderslag úteinset. It gala is in awardshow foar popkultuer yn it Noarden. Njonken prizen foar bêste festival en poadium waarden ek awards útrikt oan it bêste talint, technyske leveransier, ynnovaasje en artyst.

Fryske artysten foelen net yn de prizen. De Grinzer rapper Kraantje Pappie krige de award foar bêste artyst; singer-songwriter Isa Zwart út Emmen dy foar bêste talint. De publykspriis 'collega van het jaar' wie foar Asteriks-baas Koen Haringa.

Priiswinners Asteriks en Koen Haringa (mei bril) - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(advertinsje)
(advertinsje)