Earste bergingsskippen binne teplak by konteners en wachtsje op rêstiger waar

16 jan 2019 - 10:53

De earste bergingsskippen Atlantic Tonjer en Geosund binne woansdeitemoarn ûnderweis gien nei de fargeul boppe Skylge en de Eemsgeul. Dat meldt Rykswettersteat. Se riede harren ta op de start fan de berging fan de goed 250 konteners dy't begjin jannewaris fan it skip MSC Zoe fallen binne. Op dizze wize kinne se dan sa oan de slach as it waar it talit.

Foto: Kustwacht Nederland

"De golven zijn nu nog te hoog om met de berging te beginnen", fertelt Edwin de Feijter fan Rykswettersteat. "Maar de schepen liggen al op positie om ter plaatse direct te kunnen beginnen als de zee minder ruig wordt. De verwachtingen zijn gunstig, het wordt beter met golven van een meter tot twee meter."

"Ondertussen benutten ze de tijd om zaken voor te bereiden en de apparatuur te testen op volle zee, dan is natuurlijk anders dan in haven. Er is onder andere een grote grijper aan boord om containers naar boven te halen. Het is goed om dat met hoge golven te oefenen. En met de echoscoop kunnen we gedetailleerd zien wat er op de zeebodem ligt. Onder water heb je beperkt zicht, met de echoscoop, een soort camera, kun je beelden onder water maken."

Wannear kinne se oan de slach?

"Heel misschien kunnen ze vandaag beginnen, anders wel een van de komende dagen is onze inschatting." De skippen binne grut genôch dat se meardere konteners en rommel bergje kinne op it dek.

Yn de Eemsgeul leit ien kontener. Boppe Skylge binne meardere konsintraasjes fan 'objecten', dat kinne konteners wêze, mar ek ûnderdielen. "Ze liggen her en der verspreid."

Edwin de Feijter fan Rykswettersteat

It marineskip Zr. Ms. Luymes sil ek helpe by it opspoaren fan de konteners. It skip hat woansdeitemiddei de haven fan Den Helder ferlitten op wei nei it gebiet dêr't de konteners lizze.

Rykswettersteat woe ôfrûne freed al begjinne mei de berging, mar fanwege de minne waarsomstannichheden is dat al ferskate kearen útsteld.

De hiele bergingsoperaasje sil nei alle gedachten moannen duorje.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)