Kollum: "Boargemaster"

16 jan 2019 - 08:24

"Der binne mar tolve kandidaten foar de funksje fan boargemaster yn Smellingerlân. Ja, ik sei 'mar'. Der moatte op it heden dochs folle mear op soksoarte wurk ôfkomme? Eartiids koene je net iens sollisitearje. Dan praten de grutte politike partijen wat mei inoar ôf. Jim dêr, dan wy dêr. Yn in kristlik stimmende gemeente waard it in CDA'er; yn in reade in PvdA'er. En omdat se sa goed yn it boargemastersjaske pasten, mocht de VVD ek wol in pear leverje."

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

"Der waard amper oer praat. No ja, soksoarte as de FNP hat 25 jier of langer sangere. Se krigen úteinlik ek ien, Piersma. Mar as lytse partij hoegde je dêr net iens bliid mei te wêzen. Ik bedoel Ljouwert wie read, dus wisten je eins hielendal net dat Hayo Apotheker neoliberaal wie. Dat die der net ta.

Minsken kinne harren no dus opjaan. Wat wy net witte is hoefolle fan dy briefkes Brok daliks fuortsmyt. De ried dy't no beslisse moat, krijt lang net alles ûnder eagen. Ik bin eins wol nijsgjirrich. Soe bygelyks Max Aardema ek sollisitearre ha yn syn Drachten? Der stiet gjin PVV'er op de einlist.

Wol twa partijleazen. Soks kaam eartiids ek net foar. De heit fan de bruorkes Anker wie in lichtreade boargemaster yn Utingeradiel. Mar Tien over Rood gie de evenredige man te fier. Hy waard partijleas, mar koe noait mear nei in gruttere gemeente. Hy siet net mear yn de politike draaimûne. No binne partijleaze boargemasters net inkeld mear VVD'ers dy't út lilkens oer Dijkhoff en Rutte út harren eigen partij stappe. Elk kin meidwaan.

Want de boargemastersfunksje is feroare. Se bepaalden seker yn lytse gemeenten it politike belied. De gong fan saken op it gemeentehûs wie dan foar de gemeentesekretaris. In boargemaster hie hielendal net safolle te dwaan. It wurk wie dan efkes dit en dan efkes dat. By inoar proppet hie it wol yn twa dagen kinnen. It wie net foar neat dat boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel, dy't ôfskie nimme moast fan syn ferdwinende gemeente, sei dat er noch wol trochgean wollen hie. Safolle hie die man noait dien.

Tsjintwurdich is de boargemaster de manager. Jo hoege net mear út de polityk te kommen. Jo kinne no likegoed in bank, in grut bedriuw of in sikehûs bestjoerd ha. En krekt dy bedriuwen skite safolle bestjoerders út, dan sollisitearje je dochs ek in kear as boargemaster. Offisier fan justysje Oebele Brouwer die dat en hupsakee, hy waard samar beneamd yn Achtkarspelen. Ferrassend, mar wannear't je der oer neitinke, De Harkema Eh, no lit mar. Wol in sein foar oare managers. Mar it barde dus yn Drachten noch net massaal.

Boargemasterje is op it heden de gong fan saken yn de hiele gemeente hoedzje en noedzje. Wethâlders en riedsleden bepale it politike belied wol. Wannear't de rommel op it strân oprêden wurde moat, sitte dy thús en moat de boargemaster himmelje. Of regelje. Dêrom is der tsjintwurdich yn in gemeente gjin boargemastersleas tiidrek mear. Der wurde oeral waarnimmers optrommele. It is gewoan wurk.

Waarnimmers meitsje ien flater. Se sizze dat de gemeente wêr't se efkes hoedzje sille, in moaie, noflike en warbere gemeente is. Mar dat seine se fan har echte gemeenten ek. Dat is it stomme gedoch wat net feroaret: dat in boargemaster de flaggedrager fan de gemeente is. Oates en toates opdrave moat as in úthingboerd wêrûnder je nije boeken, wer opboude gebouwen, inisjativen, lju dy't hûndert wurde, de reinbôgeflagge en wat al net deldonderje kinne. Altyd wurde se optrommele. Guon dogge harren bêst om net altyd foaroan te stean. Se wurde der like goed hinne treaun.

Ek wy as media dogge dat. Elkenien lêst en heart dat de gemeente noch altyd personifiearre wurdt troch de boargemaster. Dus wurdt der, wannear't hja it net iens is mei it belied fan de gemeente, oan de boargemaster skuord. Guon bedriigje him sels. Dat makket it meast toanber dat it in oare funksje wurden is.

En dus kinne je je ôffreegje oft de úteinlike beneaming noch dien wurde moat troch de riedsleden. Dy kieze meastentiids dochs ien út it eigen rûntsje. Dat is it maklikst. Ik wit net wa't it binne, mar se moatte dêr yn Smellingerlân dochs mar efkes goed sjen nei dy twa partijleazen."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)