Reaksjes op ôfwizing brexitdeal: "Dat kan er ook nog wel bij"

16 jan 2019 - 07:42

Tiisdeitejûn stimde it Britske Lagerhuis de brexitdeal fan premier Theresa May fuort. Fan de 650 parlemintariërs wiene 432 tsjin en 202 foar, wylst 16 gjin stim útbrochten. De grutste regearingsnederlaach yn Grut-Brittannië sûnt 1924 bleau ek yn Fryslân net ûngemurken. Op in gearkomste foar noardlike ûndernimmers yn it WTC Expo yn Ljouwert wie it 'the talk of the day'.

Brexit - Foto: ANP

Andries Miedema

Ien fan de oanwêzigen op de jûn wie Andries Miedema. De ûndernimmer docht mei syn bedriuw Miedema HoutIndustrie út Ljouwert ûnder oare saken yn Grut-Brittannië. "Het is een nederlaag. Nu is het de vraag wat er gaat gebeuren."

Miedema freget him ôf wat der nei de ôfwizing fan de deal barre sil. "Komen er nieuwe verkiezingen of gaat de hele brexit niet door? Of schrijven ze een nieuw verhaal uit, waarin iedereen z'n zegje kan doen? Zeg het maar."

"Het is toch één groot drama"

Benaud foar de gefolgen fan de brexit is Miedema net. "We leven in een wereld waarin we elkaar alleen maar bang maken met code geel, oranje en rood, ook al is er niets aan de hand. Dus ik denk dat het wel wat iets meevalt. Daarnaast weten we ook dat het in de bouw tegenwoordig problematisch is. Dan wachten we op dit en dan wachten we op dat. Het is toch één groot drama. Nou, dan kan dit er ook nog wel bij."

Op de gearkomste wie minister Carola Schouten fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit as sprekker te gast. Under har lêzing kaam it nijs út Grut-Brittannië nei bûten. "Ik heb net een zaal toegesproken en zal zo de berichtgeving lezen. Het is qua stemming een behoorlijk forse uitslag."

"Bereid je voor"

Schouten hie nei oanlieding fan de útkomst in boadskip foar ûndernimmers yn Nederlân. "Kabinetsbreed hebben we gezegd: bereid je voor op alle scenario's. Zeker voor landbouw is het Verenigd Koninkrijk een ongelooflijk belangrijke markt. Dat kan veel impact hebben op het werk van boeren, tuinders en ook vissers. Mensen met een bedrijf moeten ook zelf kijken wat een brexit voor hen betekent. Bereid je voor."

Minister Carola Schouten

Trefwurden: 
Brexit brexitdeal
(Advertinsje)
(Advertinsje)