Digitalisearring fan Fryske argiven giet net sa rap as hope

15 jan 2019 - 23:02

It is net maklik om de miljoenen stikken dy't Fryske musea, argiven en oare erfgoedynstellingen digitalisearre hawwe, foar it publyk tagonklik te meitsjen. It online setten fan it materiaal moat oan strange privacyregels foldwaan en dat is frustrearjend.

Foto: Omrop Fryslân

"Net allinnich foar ús, mar ek foar minsken dy't harren eigen stambeam ûndersykje wolle, is it tige ferfelend", seit direkteur Bert Looper fan it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar.

Tritich Fryske musea en oare ynstellings, lykas it Filmargyf, Omrop Fryslân en de Fryske Akademy, hawwe de ôfrûne fiif jier harren kolleksjes digitalisearre. Dat hat hast fjouwer miljoen items, lykas tekeningen, skilderijen, foto's en films, oplevere. It digitalisearringsprojekt rint yn maaie ôf. Dêrnei sil der safolle mooglik op it ynternet setten wurde.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei Bert Looper, direkteur fan Tresoar

"Ek al hast de scans, dan hast noch net de goede kontekstynformaasje. Allinnich ast dat op goed nivo hast, kinst it online sette. We moatte no yn de folgjende faze enoarm ynvestearje yn de kwaliteit fan de ynformaasje oer dy digitale objekten."

Privacy

Privacy en auteursrjochten binne ek in grutte útdaging. "Wy hawwe sa'n 15.000 Fryske literatuertitels. It is lestich om de rjochten op it publisearjen fan romans, gedichten, ensfh. te krijen", fertelt Looper. Dêrom begjinne se no mei al it rjochtefrije materiaal.

It argivearjen giet dus net sa rap as de ynstânsjes wolle soene. "We tinke dat mei ynternet alles tagonklik en iepen wurdt, mar it iennichste dat der bart yn Europa is dat alles sletten wurdt, fanwege de privacywetjouwing", ferfolget Looper.

Bert Looper - Foto: Omrop Fryslân

Der wurdt op it stuit ynvestearre yn de nije technology 'linked open data'. "Moatst dy foarstelle dat elts stikje ynformaasje in legoblokje is. Dat kinst linke oan dyn eigen ynformaasje", leit Looper út. "Dat stikje kin dan bygelyks ek ferbûn wurde oan Wikipedia. Ast op Wikipedia op in bepaald ûnderwerp sikest, kin der ferwiisd wurde nei films fan it Filmargyf of objekten yn it museum."

(advertinsje)
(advertinsje)