Sjinkie Knegt mei fan de intensive care ôf

15 jan 2019 - 22:23

Reedrider Sjinkie Knegt mei de intensive care fan it Martini-sikehûs yn Grins ferlitte. Hy is dêr fit genôch foar en syn tastân giet mei sprongen foarút. De shorttracker bedarre foarige wike mei swiere brânwûnen yn it sikehûs.

Foto: OrangePictures

Syn earstegraads brânwûnen genêze goed. Der is lykwols noch neat te sizzen oer syn slimmere brânwûnen. Dêr wurdt pas oer twa wiken mear oer dúdlik. Dan heart hy oft hy in operaasje en in hûdtransplantaasje nedich hat. As dat net it gefal is, kin hy gau wer nei hûs.

Knegt is tige posityf oer syn genêzing en hat foar himsels it doel steld om it begjin fan it folgjende seizoen wer mei te meitsjen. Dat begjint ûngefear yn oktober.

Trefwurden: 
Sjinkie Knegt brânwûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)