RUG helpt provinsje Fryslân: ien eilân moat folslein sirkulêr wurde

15 jan 2019 - 21:46

It provinsjebestjoer wol yn de takomst ien eilân folslein sirkulêr meitsje. Dat stiet yn it Jierplan Sirkulêre Ekonomy, dat Deputearre Steaten tiisdei goedkard hawwe. Yn dat plan stiet it ferfolch op de aksjes dy't de provinsje it ôfrûne jier ynset hat. It sirkulêre eilân wurdt in grutte proeftún om fan te learen.

Foto: Google Street View

Mei ferskate projekten wol de provinsje de minsken motivearje en Fryslân as ynternasjonale ûntwikkelregio foar sirkulêre ekonomy op de kaart sette. Njonken it sirkulêre eilân, komt der yn it ûnderwiis op alle nivo's omtinken foar sirkulêre ekonomy, sil de provinsje 'sirkulêr' ynkeapje en wurdt it bedriuwslibben stipe mei regelingen.

Yn top trije fan sirkulariteit

De provinsje Fryslân wol yn 2025 yn de top trije fan meast sirkulêre regio's fan Europa stean. Om dat te berikken, siket de provinsje de stipe fan de Ryksuniversiteit Groningen/Campus Fryslân. "Har tinkkrêft bringt ús fierder", seit deputearre Sander de Rouwe. "Dat wiist ús de wei nei in sirkulêre, en dêrmei in takomstbestindige, ekonomy."

"Om ús ambysjes wier te meitsjen, moatte we gearwurkje", seit De Rouwe. "Dat dogge we mei Vereniging Circulair Friesland, it brede bedriuwslibben, oare oerheden en dus ek it ûnderwiis."

Duorsum ûndernimme

Gjalt de Jong is heechlearaar Duorsum ûndernimme oan de Campus Fryslân fan de RUG. "Hoe sjocht de ideale omjouwing foar in sirkulêre ekonomy der yn 2025 út?", freget hy him ôf. "En hoe komme we dêr? RUG/Campus Fryslân ûndersiket op it momint wêr't Fryslân stiet. Fan dêrút kinne wy oan de slach mei in rûte nei in fanselssprekkende sirkûlêre provinsje."

Gjalt de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)