Partij voor de Dieren en GrienLinks wolle kontenerôffal skiede fan oar ôffal

15 jan 2019 - 20:52

De fraksjes fan de Partij voor de Dieren en GrienLinks yn Provinsjale Steaten wolle dat it oanspielde ôffal nei de kontenerramp sa gau as mooglik skieden wurdt fan it oare ôffal en, as it mooglik is, recycle wurdt. Op it stuit wurdt it ôffal noch ferbrând troch de REC yn Harns. De partijen freegje it kolleezje fan Deputearre Steaten oft dy ôffalferbrâner wol geskikt is om it pypskom út it kontenerôffal te ferbrânen.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Steatelid Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren: "De hoeveelheid afval is enorm. Het is een ecologische ramp. Het afval dan ook nog eens ongescheiden te verbranden in plaats van eerst goed scheiden en zoveel mogelijk te recyclen is wat mij betreft een tweede ramp."

Jan Atze Nicolai fan GrienLinks hat ek noed oer de gefaarlike stoffen dy't neffens him frijkomme kinne by de ferbrâning fan it ôffal: "Tussen het afval zit ook piepschuim. Dat moet verbrand worden bij een temperatuur van tenminste 1000º Celsius. De REC haalt deze temperatuur niet en dus kunnen er gevaarlijke stoffen ontstaan bij onvolledige verbranding."

(advertinsje)