Politikus Anja Haga docht plestik yn de ban

15 jan 2019 - 20:39

Libje sûnder plestik klinkt moai, mar it hâldt nochal wat yn. Hoefolle plestik ha we alle dagen net yn hannen fan produkten dy't we brûke? De Dokkumer ChristenUnie-politikus Anja Haga sil besykje om sûnder plestik te libjen. Hoe sil se dat dwaan?

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Myn man en ik ergeren ús al langer bot oan de plestik sop yn de see", fertelt Haga. Tongersdei wie Haga oanspield guod út konteners oan it opromjen op Skylge. Fan al dy troep waard sy ferskriklik fertrietlik. Nei't se it der thús efkes oer hân hiene, besleat de famylje Haga dat se besykje soene om harren plestikgebrûk te minderjen.

"Dat betsjut dat je alles by del gean. Wêr sit plestik omhinne? En dat is in hiel soad." Sa docht it gesin Haga boadskippen yn de supermerk, dêr't it measte keapwaar yn plestik ferpakt sit. Dêrom sille se no griente en fruit op de merk helje en bôle en koekjes by de bakker keapje. "It iennichste dêr't we noch wol mei sitte, binne suvelprodukten. Molke en kwark, ik wit net sa goed wêr't ik dat helje moat."

Anja Haga oer plestikfrij libje

Haga hat op it ynternet fuortendaliks ynslein foar har plestikfrije libben. Sa hat se deodorant kocht dy't ferkocht wurdt yn in potsje. Skearsjippe en shampoo yn in ferantwurde ferpakking. Toskboarstels binne fan bamboe en de hierkes binne biologysk ôfbrekber. "Ik ha pasta en rys yn linnen pûden kocht. Yn de supermerk sit dat fansels ek yn plestik. Ek ôfwaskmiddel ha ik yn biologysk ôfbrekbere ferpakking kocht."

Foar har man hat se in skearmeske fan rustfrij stiel kocht. De famylje Haga freget him wol ôf wêr't se no oan begûn binne. "We sette no troch. We hawwe no ûngefear ien jiskepûde per wike mei ús allen. Aanst hawwe we dan minimaal de helte dêrfan."

Lytse stapkes wurde grutte stappen

De feedback fan freonen en famylje is posityf. Guon sjogge in plestikfrij libben ek wol sitten. "As eltsenien in lyts bytsje neitinkt oer plestik, kinne we mei-inoar hiele grutte stappen sette. Alle lytse stapkes binne mei-inoar grutte stappen."

Trefwurden: 
plestik Anja Haga
(advertinsje)
(advertinsje)