Finylplatefabryk draait in jier yn Ljouwert: hoe populêr is it 'swarte goud'?

15 jan 2019 - 18:45

It 'swarte goud' fan de muzyk is wer populêr. It finylplatefabryk Deepgrooves yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert hat sûnt de iepening yn oktober 2017 hûnderttûzenen platen makke en de ein is noch lang net yn sicht. Alle dagen wurde der sa'n 1000 platen parse foar klanten út de hiele wrâld.

Ik wil dat als ik morgen dood ga, ik wat heb om achter te laten voor mijn kinderen.

Chris Roorda

Dream

Chris Roorda begûn fyftyjin jier lyn mei syn platewinkel yn Ljouwert, mar in eigen finylplatefabryk iepenje wie altyd al syn dream. "Vinylplaten hebben een soort van romantiek. Ik wil dat als ik morgen dood ga, ik wat heb om achter te laten voor mijn kinderen. Dat kan ik doen met mijn platen."

Syn leafde foar finyl begûn yn de jierren 90 doe't Roorda 16 jier âld wie. "Ik begon toen met dj-en en vinyl kwam weer op, er ontstonden nieuwe stromingen en muziekstijlen en zo begon ik vinyl te kopen".

As hanneler fan platen hat hy letter wol platen ferkocht foar 5.000 euro. Finyl is eksklusyf en hat in folle bettere lûdskwaliteit, seit Roorda. "Dat komt omdat het analoge geluid gewaarborgd wordt. Dat is belangrijk voor de kwaliteit."

De jierlikse omset fan finylplaten hjoed-de-dei is mei 20 prosint omheech gien neffens de NVPI, de brânzje-organisaasje fan de entertainmentyndustry.

Foto: Omrop Fryslân

Kerreltsjes

Deepgrooves makket platen foar labels, artysten, dj's en minsken dy't rjochten hawwe. Se binne de twadde parse yn Nederlân. Deepgrooves is spesialisearre yn lytsere oplages en wurket mei griene en duorsume technology. Sa brûke se granulaat, dat is de stilste grûnstof om platen fan te meitsjen. Dizze kerreltsjes binne der yn allegear kleuren, sadat de klant kieze kin.

Finylplaten binne tsjinwurdich dus net allinnich swart mear. De kerreltsjes wurde yn in mal op 180 graden parse en dêrnei yn 30 sekonden ôfkuolle. In spesjale trimmer snijt de rantsjes fakkundich ôf. Alle platen wurde tsjekt en belústere. Mei de hân wurde se ien foar ien ynpakt, sadat der gjin flaters makke wurde.

Foto: Omrop Fryslân

Perfekte produkt

Der binne gjin plannen om Fryslân te ferlitten. "Ik heb hier een gezin en nog een bedrijf en we zijn erg blij met waar we nu zitten. Dus we hebben geen ambities om ergens anders naartoe te gaan."

Sels reizget Roorda de hiele wrâld oer om klanten te besykjen. "Werken met vinyl is een hele dynamische wereld. Met oude en nieuwe artiesten. En om met z'n allen voor het perfecte product te gaan, dat is fantastisch."

Foto: Omrop Fryslân

'Pure klanken'

Deepgrooves hat no 500 projekten dien, foar sawol bekende artysten sa as Jan Smit as lokale muzikanten. Se binne der foar de artyst om de hoeke as wrâldwiid. Troch it sukses fan it platefabryk moatte artysten wol geduld ha.

Der sit in wachttiid fan wiken op foardat de platen parse wurde kinne. Mar dan hast ek wat, neffens Roorda. "Een vinylplaat opzetten, de naald erop, het gevoel ervan, een mooi diep geluid en die pure klanten. Ja, dat maakt vinyl zo mooi."

(advertinsje)
(advertinsje)