Lange files by It Hearrenfean troch ûngelokken op A7 en A32

15 jan 2019 - 18:05

Op de A7 by Tsjalbert hat tiisdei yn de jûnsspits in ûngelok west mei in frachtwein en ferskate auto's. De frachtwein stiet dwers op de dyk en fiif auto's moatte fuorttakele wurde. Dêrom wiene twa rydstripen by Aldehaske ôfsletten en steane der lange files yn de rjochting fan Drachten. Yntusken is de dyk wer iepen.

Foto: CAMJO media

Ek op de A32 by It Hearrenfean stiet in file, fan hast trije kilometer. De dyk is ticht tusken It Hearrenfean-Súd en It Hearrenfean-sintrum. Dat komt ek troch in ûngelok. Dêrby wiene twa persoane-auto's belutsen. Oer de oarsaak fan it ûngelok is neat bekend.

De brânwacht waard oproppen, nei't der brân like te woedzjen yn ien fan de auto's. Dy brân foel úteinlik ta. Wol waarden der twa ambulânses oproppen om de belutsenen te kontrolearjen. Oft der immen nei it sikehûs brocht is, is net bekend.

Ungelok op Wâldwei

Op de N31 tusken Ljouwert en Drachten wie der in ûngelok tusken in frachtwein en in auto. Dêrtroch ûntstie ek dêr in file, mar dat is yntusken wer oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)