Europeeske Kommisje ferbiedt ôfsjitten skriezen yn Frankryk

De Europeeske Kommisje wol absolút net ha dat Frankryk yn de takomst skriezen ôfsjit. Dat hat Eurokommissaris Karmenu Vella fan Miljeu sein yn reaksje op fragen fan Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik fan it CDA.
Skries © Henk Bootsma
Europa kin Frankryk boetes of twangsommen oplizze, mocht it lân de Europeeske fûgelrjochtline net folgje. Dat is in tafaller foar it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW). It stekt dy organisaasje dat der yn Nederlân in soad jild stutsen wurdt yn it beskermjen fan skriezen, wylst se yn Frankryk fûgelfrij driigje te wurden. Sa'n opstelling is net te rymjen mei de Nederlânske ynspannings.

"Dweile mei de kraan iepen"

It BFVW begûn ferline jier dêrom in petysje tsjin de jacht op greidefûgels. Dy hat no 10.509 ûndertekenings. "It is fansels dweile mei de kraan iepen", seit Rendert Algra, fan it bûn. "Wy dogge hjir alles om de skries en oare kwetsbere greidefûgels te beskermjen en dan sjogge je dat it resultaat yn it bûtenlân letterlik fuortknald wurdt."
Rendert Algra fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten
Algra is wiis mei de opstelling fan de Europeeske Kommisje. It BFVW wie der benaud foar dat Frankryk oars de jacht op de skries wol iepene hie. It lân hie de jacht earst foar fiif oant tsien jier ferbean, mar dêrnei mei mar ien jier ferlinge. "Dat is wol in teken dat je je ûngerêst meitsje moatte", seit Algra.

Ferkiezingsjier

As Frankryk besykje sil tusken de mesken fan de wet troch te glûpen, ferfolget Algra, dan is it ferkiezingsjier fan it Europeesk Parlemint in goed momint. It is ek noch ôfwachtsjen hoe strang Europa him opstelle sil tsjinoer Frankryk.
"Europa kin yngripe, mar docht dat sa min mooglik. It is yn earste ynstânsje oan it lân sels", ferfolget Algra. "Dus yn dit gefal moat Frankryk sels bepale oft der jage wurdt."

Mear petysjes

It BFVW wol in fergelykbere petysje opstarte yn Frankryk en oare lannen. Der binne al kontakten lein om ek dêr minsken te mobilisearjen en om in sterker lûd hearre te litten tsjin de jacht. "Ik tink dat we minsken wol ta ynsicht komme litte kinne dat der in brede wjerstân is. It soe moai wêze at dy wjerstan yn Frankryk ek de oerheid berikt."