Nije filmbylden fan dichter Obe Postma ûntdutsen by digitalisearring

By it digitalisearjen fan de kolleksje fan it Fries Film Archief binne nije filmbylden ûntdutsen fan de grutte Fryske dichter Obe Postma (1868-1963). Te sjen is dat er yn 1952 mei keninginne Juliana yn De Harmonie praat.
Nije filmbylden fan Obe Postma ûntdutsen by digitalisearring
"It is in bysûnder fragmint", fertelt Syds Wiersma fan it Fries Film Archief. "Op it fragmint is te sjen dat er mei keninginne Juliana praat, dy't foar it 100-jierrich bestean fan de Maatschappij van Landbouw yn Ljouwert wie."

Hee, dat is Obe!

"By it beskriuwen fan de digitalisearre films rôp in kollega ynienen; hee, dat is Obe! Dat we bewegend byld fan him hawwe, is frij seldsum. Earder wie al in koart fragmint fan him fûn by in Gysbert Japicx-útrikking, mar dit is folle wiidweidiger."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De digitalisearring is belangryk. "Der lizze pearels yn de depots en dy moatte ûnder de minsken. komme." Nei in ynventarisaasje wurdt in seleksje makke mei materiaal dat digitalisearre wurde kin. "We binne no dwaande om dat online te krijen, der binne safolle mooglikheden ek om saken te kombinearjen. Noch net alle materiaal is beskikber. It is in projekt mei in lange azem. En we hoopje fansels op in ferfolch nei dizze earste faze dy't oer in pear moannen ôfrint."

Mata Hari?

Wiersma hat noch wol in winsk. It soe moai wêze as ergens bewegend byld fan Mata Hari opdûkt. It wie wol yn de iere perioade fan film, mar je witte it noait."
Fan links nei rjochts: Rein Tolsma, Klaas Wielinga, Gryt van Duinen © Omrop Fryslân
Yn de ôfrûne fiif jier is hurd wurke oan it Deltaplan Digitalisering Cultureel Erfgoed. Mei finansjele stipe fan provinsje Fryslân is in grutte stap set yn de kreaasje fan digitaal erfgoed.

Tagonklik

Tsientallen musea, argiven en oare erfgoedynstellingen lykas Fries Film Archief, Fryske Akademy en Omrop Fryslân hawwe miljoenen dokuminten, films, foto's en objekten digitalisearre en foar in grut part ek al online beskikber steld foar it grutte publyk.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Inkelde hichtepunten fan it projekt binne Weromrop (de argyfwebside fan Omrop Fryslân fan telefyzje 1985-2005) en en FAME (2.300 oeren oan âlde radio-opnamen oerset nei in digitaal argyf) fan Omrop Fryslân.
En troch de digitalisearring is it unike filmfragmint fan Stan Laurel by it Fries Film Archief boppe wetter kommen.

Lêste faze

It projekt giet no de lêste faze yn oant medio 2019.