Plysje nimt fjouwer auto's yn beslach yn Drachten
De plysje hat tiisdeitemoarn in ynfal dien yn in bedriuwspân oan de Bakboord yn Drachten. Neffens de plysje hat de ynfal te krijen mei in rinnend ûndersyk. By de ynfal binne fjouwer auto's yn beslach naam.
Oft der persoanen oanhâlden binne, is noch net bekend. De auto's binne oerbrocht nei in plysjedepot. De plysje wol noch neat fertelle oer it ûndersyk.