Brânwacht skampt auto's yn Ljouwert; bewenner wol syn hûs net út

De brânwacht waard tiisdeitemiddei alarmearre foar in wenningbrân oan de Gerard Doustraat yn Ljouwert. Om by de brân te kommen, moast de brânwachtwein troch in smelle strjitte ride dêr't oan beide kanten auto's stiene. Dat paste krekt net, wêrtroch't de brânwacht gjin oare kar hie as de auto's skampe.
© De Vries Media
Der waard fuortendaliks opskaald nei middelbrân, omdat de bewenner mooglik noch yn it hûs wie. Om't op sa'n stuit eltse sekonde telt, koe de brânwacht net omkeare en in oare rûte sykje. De skea is direkt nei it ôfhanneljen fan de brân opnaam en sil regele wurde fia de fersekering.

Bewenner woe hûs net ferlitte

Om healwei twaen hinne hearden buorlju de reekmelder yn de wenning ôfgean. Sy alarmearren de brânwacht. De bewenner wegere lykwols syn hûs te ferlitten en moast troch de plysje út de wenning skuord wurde.
Hy is troch ambulânsepersoniel neisjoen op it ynazemjen fan reek. Uteinlik die bliken dat de brân, dy't ûntstien wie yn de keuken, tafoel. De brân wie gau ûnder kontrôle.