Weststellingwerf wol in selsstannige gemeente bliuwe

15 jan 2019 - 15:22

De polityk yn Weststellingwerf wol net mear fusearje mei oare gemeenten. Boargemaster Van de Nadort hat in rûntsje lâns de fraksjes makke en de measten sjogge in fúzje net sitten.

Gemeente Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân

Dat betsjut dat no neitocht wurde moat oer hoe't Weststellingwerf ek yn de takomst selsstannich bliuwe kin.

It kolleezje fan B&W stelt de ried foar om dêr oer te oerlizzen mei Eaststellingwerf en Opsterlân.

Weststellingwerf wurket no nau gear mei dy twa gemeenten. De gedachte dêrachter is dat se mei har trijen mear berikke troch gearwurking.

(Advertinsje)
(Advertinsje)