Finzenis yn Ljouwert sil ferbouwe: mear detinearden yn ien sel

By de finzenis yn Ljouwert begjint dizze wike in grutte renovaasje. Alle flierren en slotten wurde ferfongen, de sellen krije nij sanitêr en it parkearterrein wurdt útwreide. De finzenis bliuwt wilens de ferbouwing gewoan yn bedriuw.
De Marwei yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der wurdt hieltyd ien ôfdieling mei sellen leechmakke, de finzenen wurde dan ferpleatst. Om genôch plak te hâlden, wurde mear detinearden yn ien sel ûnderbrocht.
Ek foar takom jier stiet in ferbouwing pland. Dan wurde de resepsje en de meldkeamer yn de finzenis hielendal fernijd en modernisearre. Ek de befeiliging yn en om it gebou hinne wurdt fernijd.
De ferbouwing hat fansels in soad gefolgen foar de deistige gong fan saken. "Met ons projectteam hebben we daar goede afspraken over kunnen maken", fertelt Hilko Hof, haad feilichheid yn de finzenis. "Zo zijn er maatregelen getroffen ten aanzien van de mensen die de bouw uitvoeren. Maar ook de alarmroutes die wij hanteren, zullen aangepast moeten worden."
Hilko Hof, haad feilichheid
Wat de ferbouwingen krekt kostje, wurdt net bekend makke. It giet om in miljoeneprojekt.