Curty Gonzales ferruilet ONS foar Harkemase Boys

15 jan 2019 - 14:39

Harkemase Boys nimt nei dit seizoen bûtenspiler Curty Gonzales oer fan ONS Snits. Earder waard al bekend dat Gonzales de Snitser klup nei tsien jier ferlitte sil. Foar Harkemase Boys is it de earste nije spiler fan takom seizoen.

Foto: www.orange-pictures.nl

In jier lyn woe Harkemase Boys Gonzales ek al ha. Dy woe doe sels ek wol, mar hy hie noch in kontrakt foar in jier by de Snitsers. "Daar heeft ONS me toen aan gehouden. Dat is netjes opgelost, maar ik besloot wel om dan na dit seizoen te vertrekken", fertelt Gonzales op de klupwebside fan Harkemase Boys.

Gonzales wie nei tsien jier ONS ta oan wat nijs. "We zijn kampioen geworden, speelden altijd op een hoog niveau en ik was altijd basisspeler", fertelt Gonzales. "Dan wil je wel eens een stap maken en dat kon nu."

Harkemase Boys en ONS Snits spylje beide yn de tredde difyzje sneons. Dêryn steane de Harkiten sechsde, de Snitsers trettjinde. Op 16 febrewaris spylje de twa ploegen op De Harkema tsjininoar.

(advertinsje)
(advertinsje)