Tilster bedriuw Stertil útnûge foar nijjiersresepsje fan keninklik pear

It bedriuw Stertil út Koatstertille is útnûge foar de nijjiersresepsje tiisdei fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima yn it paleis op de Dam. It keninklik pear ûntfangt op dizze jierlikse tradysje altyd inkele hûnderten gasten út de polityk en ferskate sektoaren fan de Nederlânske mienskip.
© Stertil
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân is ek oanwêzich. Ut namme fan de Stertil Group is CEO Ulbe Bijlsma oanwêzich.
It bedriuw, dat produkten makket foar de transportwrâld, is ûtnûge omdat dit jier keazen is foar fertsjintwurdigers út de Nederlânske 'maakindustrie'.
Stertil sjocht de útnûging fan de nijjiersresepsje as in stik erkenning foar it wurk dat se dogge en se binne grutsk dat se der by wêze meie.