Boskwachters út Flevolân helpe mei om Flylanner dunen skjin te meitsjen

15 jan 2019 - 13:46

Op Flylân krijt Staatsbosbeheer tiisdei help fan alve kollega's út Flevolân. Sy sykje benammen op de seestripe nei ôffal dat fan it strân ôf yn de dunen bedarre is as gefolch fan de kontenerramp fan twa wiken lyn.

De opromaksje op Flylân. - Foto: Joeri Lamers, Staatsbosbeheer

It giet om boskwachters út Almere, Kuinderbos en Zeewolde, mar ek frijwilligers. Mei boskwachters fan it eilân derby sels binne no fyftjin minsken aktyf oan it opromjen. De gemeente Noordoostpolder hat ôffalgripers meijûn oan de ploech boskwachters.

Der is al in grutte karre fol by elkoar socht. It giet benammen om ferpakkingsmateriaal en lyts plastic. Foaral it grutte oantal wikkels fan fleece-tekkens falt op, mar der is ek ien frieskiste fûn, al komt dy net fan see ôf.

Oanlieding foar de aksje wie dat der plastic ôffal oan de súdkant fan de Postweg bedarre wie dat fan it strân ôf oer it hiele eilân waaid wie. Dêrom is earder ek it sintrale part fan Flylân ôfsocht dêr't skiep weide wurde.

Foto: Joeri Lamers

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)