Thorsby hopet dat de sitewaasje mei SC Hearrenfean gau oplost wurdt

Fuotballer Morten Thorsby hat noch altiten de hoop dat hy dizze winter noch in transfer makket nei it Italiaanske Sampdoria. "Ik hoop dat het goed komt, want dit is voor zowel mij als voor de club een lastige situatie."
Hoe sit it no mei de saak Thorsby?
Morten Thorsby is moandei troch SC Hearrenfean út de seleksje set, omdat hy sûnder tastimming ôfwêzich wie by de earste twa trainingen fan dit jier. Thorsby wie op dat stuit yn Italië om te ûnderhanneljen mei Sampdoria. Technysk manager Gerry Hamstra sei moandei al dat er fynt dat dit net kin: "Ik kan toch ook niet zomaar twee dagen wegblijven van mijn werk. Dat is gewoon werkweigering!"
"Deze zaak kent alleen maar verliezers en dat vind ik jammer", seit Thorsby. "Ik ben toch naar Italië afgereisd, omdat dat voor mij de enige manier was om nog een wintertransfer te maken. Dat wilde ik graag, want dan krijgt Heerenveen ook nog wat geld voor mij. Dat dat niet is gelukt, ligt niet aan mij. Ik heb er alles aan gedaan. "
Op dit stuit makket Thorsby gjin diel mear út fan de earste seleksje en traint hy de rest fan it seizoen mei de beloften fan SC Hearrenfean mei. Foar Thorsby in ferfelende situaasje. "Dat kan toch niet, zes maanden lang. Dat snapt iedereen!"
© www.orange-pictures.nl