Fries om utens yn Grut-Brittannië oer brexit: "Ik ha in knoop yn de mage"

15 jan 2019 - 12:35

De stimming oer de brexit hâldt Ingelân en Europa dizze tiisdei yn 'e besnijing. Friezinne Mona Smith-Kramer is troud mei in Ingelsman en wennet yn High Wycombe, flakby Londen. Sy is it net iens mei de brexit en wurdt mismoedich fan alle ûnwissens. "Ik ha in knoop yn de mage."

Foto: ANP

"It fielt machteloas en moedeloas. Mar de stimming is al in kear útsteld, dat it moat ek mar wêze no. Mar it is ôfwachtsjen. Ik fyn it hielendal neat en snap net wat se úthelje. It hiele folk is der sa ferdield oer, krekt as it parlemint. Ik fyn it ek sneu foar it lân en ha it noch noait sa ferdield sjoen. It sil oait wol wer ris goedkomme, mar it is net samar wer goed," fertelt Mona Smith-Kramer.

Wat ferwachtet se fan de stimming?

"Ik tink dat premier May ferliest. Dan moat se binnen trije dagen mei in oar plan komme, dat is yn in resinte moasje bepaald. Miskien komt der in moasje fan wantrouwen tsjin de premier en it regear, mar dat tink ik net, want dan moatte der nije ferkiezingen komme en dêr binne de Tories benaud foar."

Moat se ek fuort?

Foar harsels hat de brexit gjin gefolgen. "Ik bin no sûnt in goed jier ek Britsk boarger, dat ik hoech it lân net út. De brexit hat dêr wol in rol yn spile, mar ik ha it ek foar myn pensjoen en sikefûns dien. En mocht ik oait in oare baan ha wolle, dan ha ik de dûbelde nasjonaliteit en likefolle kânsen as in Brit." Har dochter is al wol fuortgien, se studearret yn Grins. "De brexit hat dêr wol in rol yn spile. Sels hoech ik net fuort no."

Om 19.00 oere begjint de stimming en nei alle gedachten wurdt de útslach om 21.00 oere Ingelske tiid ferwachte.

Utkomst

Tiisdeitejûn waard bekend dat de brexitdeal fan premier May troch it Lagerhuis ôfkard waard. Fan de 650 parlemintariërs stimden 432 tsjin en 202 foar, wylst 16 harren fan stimden ûntholden. It is de grutste regeringsnederlaach sûnt 1924. "It wie net de fraach oft se ferlieze soe, mar mei hoefolle", seit Smith-Kramer.

Mona Smith-Kramer

Trefwurden: 
Brexit Mona Smith-Kramer
(Advertinsje)
(Advertinsje)