Minder rêdingen op Waadsee troch KNRM

15 jan 2019 - 11:59

It tal rêdingen en helpferlieningen troch de KNRM is it lêste jier lanlik sjoen mei 20 prosint omheech gien. Opfallend is dat yn Fryslân it tal rêdingen op de Waadsee krekt omleech gie fan 305 yn 2017 nei 271 yn 2018.

Strânwacht - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Troch de waarme simmer sochten mear minsken ferkuolling by it wetter. It legere tal rêdingen op de Waadsee komt neffens de KNRM om't yn 2018 minder rekreanten op it Waad wiene.

It tal EHBO-aksjes op de Waadeilannen gie fan 875 nei 1073, wilens meldingen fan fermissingen ferdûbele fan 16 nei 31. Dat komt dan wer om't minsken de lifeguards earder belje om't se de mobile telefoan by har hawwe.

It tal aksjes foar wettersporters gie lanlik sjoen ek omheech, dat hat der benammen mei te krijen dat der mear boatsjes ferhierd wurde en der mear wettersporters sûnder ûnderfining it wetter op gean.

Trefwurden: 
Waadsee KNRM rêdingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)