Hoefolle 'likes' hellet de sûkerbôle?

15 jan 2019 - 11:56

In aai, sûkerbôle of dochs in woarstebroadsje? Wat krijt de measte 'likes'? Op Instagram giet it sûnt moandei nergens oars mear oer.

Foto: Omrop Fryslân

Wat is der oan de hân?

In foto fan in aai, werklik gewoan fan in aai, op Insta hat al mear as 39 miljoen likes krigen. Is dat bysûnder? Ja, want gewoanwei krije foto's fan wrâldstjerren lykas Beyoncé allinne mar miljoenen likes.

Rekôr

Om dat rekôr te ferbrekken, hat ien dus in aai pleatst mei de oprop om it rekôr fan 18 miljoen likes op in foto dy't Kylie Jenner fan har dochter dielde te ferslaan. Wa't it byld fan it aai pleatst hat, is ûnbekend.

Sûkerbôle

Wat oaren kinne, kinne wy hjir fansels ek... En folle better. Want sûkerbôle is ommers safolle lekkerder as in aai!

Dus de online-redaksje fan Omrop Fryslân pleatste moandei de sûkerbôle op Instagram. Nei in pear oeren stie de teller al op 10.000 likes. Tiisdeitemoarn stie de teller om 11.55 oere op 20.000 likes, en dat oantal rint noch hieltyd op.

BF-ers

Tal fan bekende Friezen hat de post al 'liked', lykas reedrider Jorrit Bergsma, kroechbaas Jolke, presintatrise Welmoed Sijtsma, sjongeres Iris Kroes en fuotbalklup Harkemase Boys. En ek Dumpert-presintatrise Sylvana die dat.

Jeugd

Instagram is benammen populêr by jeugd dy't de post dan ek manmachtich dielt op Insta Stories om oare freonen oan te setten om de sûkerbôle ek in like te jaan.

De regionale striid

Oare regionale omroppen dogge ek mei. Sa is it de woarst yn Gelderlân, it woarstebroadsje yn Brabân, de moksel yn Seelân en yn Grinslân sette se de 'eierbal' yn. Op Facebook, dat is dan wol wer wat sleau...mar ja, it bliuwe fansels Grinslanners.

Trefwurden: 
rekôr Instagram sûkerbôle
(Advertinsje)
(Advertinsje)