Fytstunnel by Feanwâlden is ien fan de lêste putten by de Sintrale As

15 jan 2019 - 11:17

In fytstunnel ûnder it spoar troch op de Goddeloaze Singel tusken Feanwâlden en Kûkherne is ien fan de lêste saken fan de Sintrale As dêr't oan wurke wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De oanlis fan de tunnel is nedich, omdat it âlde paad yn de eagen fan in soad minsken net feilich wie. Neffens projektlieder Willem de Boer fan provinsje Fryslân ha der yn it ferline meardere ûngelokken west. De gebietsûntwikkelingskommisje Sintrale As hat dêrom yn gearwurking mei de Sintrale As it plan makke om de nije tunnel te pleatsen.

Oerlêst foar treinferkear

Neffens planning moat de tunnel yn july klear wêze. Foardat it safier is, komt der earst noch wol in treinfrije perioade dy't in pear dagen duorret. "Ein febrewaris, yn de foarjiersfakânsje, hellet de oannimmer de spoarbaan derút, om de betonnen tunnelbak derûnder te pleatsen", fertelt Willem de Boer.

Hoewol't de dyk al in tiid yn gebrûk is, is it projekt fan de Sintrale As dus noch net hielendal ôf. Willem de Boer ferwachtet dat oan de ein fan 2019 de gebietsûntwikkeling fan de Sintrale As hielendal klear wêze sil.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)
(advertinsje)