Fûns wol mei subsydzje húshâldens op sinne-enerzjy oerstappe litte

15 jan 2019 - 10:23

It Fûns Skjinne Fryske Enerzjy stelt 750.000 euro beskikber, sadat partikulieren tenei sinnepanielen hiere kinne fia it bedriuw Solease.

Griene enerzy - Foto: Shutterstock.com

Mei it jild kinne sa'n 900 húshâldens oerstappe op sinne-enerzjy. Neffens it fûns is it tal sinnepanielen yn Fryslân beheind en moat dat hurder groeie, foaral ek om't sinnepanielen yn ús provinsje mear sinne fange yn fergelyk mei de rest fan Nederlân. Solease is ferantwurdlik foar de ynstallaasje, it fersekerjen en it ûnderhâlden fan de panielen.

"Wij vinden het belangrijk dat mensen die niet de middelen hebben om zonnepanelen te kopen, ook de mogelijkheid hebben om zonnepanelen te gebruiken", seit direkteur Michel Hendriks fan it fûns.

Elk mei in eigen hûs kin hjiroan meidwaan. Al is it sels keapjen fan sinnepanielen goedkeaper, sa jout ek Hendriks ta. Mar de lease kin foar guon dochs in goeie kar wêzen: "Het is een huur, dus mensen die een contract afsluiten, die krijgen de zonnepanelen op het dak en betalen maandelijks een bedrag dat lager is dan het bedrag dat ze besparen op de stroomkosten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)